Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Pils en sjampanje

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1975

Image

Nei 75 jier is ’t skip tenein,
it rekket ûnder wetter lek
en sylt as laden mei foar gek,
dus pompe om net te fersûpen,
mar dêrmei is net alles sein.

It skûtsje SWH fûn in magnaat,
in Hein dy’t wol in pilske mocht
en fleskes by de fleet ferkocht
of pompe by de taap en sûpe,
mar alles is sa net bepraat.

De SWH waard op it droege lein
en fan syn ûnderwetterskip ûntdien,
mar kriich ek wer in nijenien,
dus net mear pompe of fersûpe,
dochs is dêrmei net alles sein.

De biermagnaat lansearre in raket
mei Hein syn flagge boppe mar
en stêd, mar doe wie ’t yn de war
omdat it skip sjampanje sûpte
en sa is ’t op in rychje set.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum