Ut it skûtsje-argyf 1986
Foto Tresoar Ljouwert
It gie de mar oer foar de wyn,
dus fierden se de skoaten
yn de oarloch*, doe noch lang net oer,
want sjoch ’t konfoai fan trije boaten,
mar it skûtsje foer de takomst yn
en Ulbe** siet as winner op it roer.
Hy seach it skip mei skipperseach
en koe it seil sa sette
dat it skûtsje as in seejacht rûn;
sa hold er him oan eigen wetten,
foar syn konkurrinten faak in pleach,
mar ’t makke him ta wiere kampioen.
In winner komt ek oan de ein
en fiert op ’t lêst de skoaten
fan it grut konfoai dêr’t hy op foer,
it wiene skûtsjes, mar yn soarten;
mei syn namme wurdt it lêste sein,
no hinget Ulbe Zwaga nêst it roer***.
* De foto is nommen yn 1940
** Ulbe Zwaga
*** It nije Ljouwerter skûtsje
mei de namme ‘Ulbe Zwaga’ |