| Ut it skûtsje-argyf 1976 
 Wa hat it foar it sizzentusken kont en kop?
 Wannear’t konflikten spylje op,
 dan kin ’t de master misse.
 As master yn it silen,wol mei in hurde kop,
 klom Hylke* stadich op,
 dochs foel foar him de bile.
 It skûtsje fan De Jouwerwoed er mei yn tou,
 acht wiken lang yn Grou,
 De Jouwer woe mar fjouwer.
 
 De SKS waard rjochter,sette ’t yn de kiif:
 gjin fjouwer, acht, mar fiif,
 dochs Hylke bleau in fjochter.
 De Jouwer hie te sizzen:‘Bliuwt syn kop al stiif
 en wol er net nei fiif,
 dan lit er ’t skip mar lizze.’
 It ôfskie fan de witehat him hiel wat dien,
 it skip waard dêrom grien,
 doe koed er it wol slite.
 
 Foto Utjouwerij Van der Meulen, Snits * Hylke de Vries |