| Ut it skûtsje-argyf 1975 
 Op it roer Sietse HobmaUt boek ‘Lemster skûtsje’  fan Klaas Jansma en Marten Sandburg
 De Lemmer dreamde noch fan âlde tidendoe’t de mêst wat koarter wie
 en op ‘e gyk gjin takel stie;
 de tiid moast keare, skippers stride
 sa’t de âlde it noch die.
 Dat skipper Sietse* foer mei folle seilennei it VSB-bestjoer**,
 de fuotten skrep, de hân op ’t roer,
 it waard in saak fan kromme neilen,
 want de âlde dream dreau oer.
 Doe liet de skipper deaden boppe kommeom te sprekken út ‘e siel:
 in skip fan hout yn plak fan stiel;
 mar âlden spilen gnyskjend stomme,
 want it goud wie harren diel.
 Op dat stuit kriich Sietse goud foar eagen:de kommersje soe it dwaan
 troch skippers sponsorjild te jaan
 om harren mei in gouden beage
 troch de nije tiid te slaan.
 
 * Sietse Hobma** Vereniging van Schippers en Bemanningsleden
 
 
 |