Ut it skûtsje-argyf 1973
Hy kaam út it bekende laach
fan Brouwers, skippers wiid ferneamd,
betocht op elke romme flaach,
dus waard er troch Philips beneamd.
Syn tinken brocht gjin resultaat,
hy swalke jierren achteroan,
de Heale Moanne kaam yn ’t skaad
fan mannich seil, foel út ‘e toan.
In serenade komt te let,
dan is de wedstriid al foarby,
de moanne is de sinne net,
dêr moat in sterke gloeipit by.
Dus gie er gloeiend út ‘e start
en kamen stjerren yn it skaad,
dat oaren skrepten harren swart
fan argewaasje út ‘e naad.
Sa sette Teake wike ien
yn ’t felle ljocht fan ’t earste plak,
de twadde is wat minder gien,
mar tredde waard er mei gemak.
|