| Ut it skûtsje-argyf 1975 It skûtsjesilen fleach de wrâld oer,yn tritich lannen wie de film te sjen,
 it Fryske bloed hat sean en brûze,
 mar mei bier en bearenburch oan ’t roer
 gie fan de âlde sfear wol wat ferlern.
 
 De kommissaris spriek der lof fan,sa rekke Fryslân yn de wrâld ferneamd,
 mar ’t byld fan bier- en drankreklame,
 dat fertelde fan ‘ik drink as man’,
 wie mei it Fryske bloed de wrâld oer streamd.
 It skipperswrâldsje spriek der lang oer:it sponsorfoarstel fan in fabrikant,
 hy soe hormoanen brûzje litte
 fan in wylde skipper oan it roer
 en mei syn sterke merk kondooms yn ’t want.
 
 |