Ut it skûtsje-argyf 1966
De folchfloat hie de feart deryn
en brûsde nei De Fluezen,
wylst de loft foarsei in hurde wyn.
De manlju wiene yn de wear
mei stoarmfok en twa reven,
want de wyn wie west, naam noch gjin kear.
Se draaiden rêd it túch derby,
wylst skipper Visser prûmkjend
stjoerde, as in swarte krie sa frij.
Gjin groanometer wie oan board,
troch omke Cor fergetten,
dat de start wie achteryn de float.
It skûtsje stampte, hie gjin gong,
de stoarmfok sloech en klapte,
mar gjin kop op ’t achterdek dy’t song.
In twirre pakte doe de pet
fan omke Cor en samar
waard de Moanne yn de lijte set.
De wyn wie útraasd, joech him del,
derút mei al dy reven,
foar de finish waard de striid flink fel.
It achterdek wie noch fol fjoer,
en prûmkjend stjoerde Visser
’t skip as nûmer tsien de einstreek oer.
|