| Ut it skûtsje-argyf 1966
 Makkum, fiskersdoarp mar ek 
foar skippen ûnder seil 
dy’t fier de wrâld út foeren 
foar it lêst fan ’t jier: ‘Wy binne gek, 
dit barren bringt gjin heil, 
it kostet ús tefolle oeren.’ 
  
Slepe nei de Iselmar, 
it túch derby en dan 
as hobbelhynders dynje; 
’t brûst dertroch mei seil en fok as tar, 
mar H is wer de man 
en sil gjin doekjes derom wynje. 
  
Twa en trije, hoe komt dat? 
De Lemmer en de liuw 
dy’t board oan board no lizze; 
Sietse* springt oer ’t roer as wylde kat, 
mar Rintsje** tinkt: ik bliuw 
mysels, de winner mei it sizze. 
  
Skot op skot, mar dochs is ’t kamp, 
de punten wurde dield, 
foar Makkum net it measte, 
skûtsjeleas is foar it doarp in ramp, 
wat leech en heilleas fielt, 
mar Rintsje bliuwt himsels, wurdt earste. 
  
*) Sietse Brouwer fan Ljouwert 
**) Rintsje Ritsma fan De Lemmer 
  |