Ut it skûtsje-argyf 1972
Yn Starum wie it allegearre:
hege seeën op ‘e Iselmar,
de wyn dy’t hieltyd sterker waard,
it dykpublyk dat soks wurdearre,
skippers troch protesten yn de war
en Klaas* as earste fan de kaart.
Hy hie Wâldsein sa wis lansearre
yn de earste wike fan de striid;
op Starum wie it nei syn aard
in stive koelte, ’t skip lavearre
sa’t in hichtepunt fljocht troch de tiid,
de loete joech him ek noch baat.
It ûnheil waaide út it westen
mei’t de boei sloech tsjin de brune kop,
dat yn it draaien waard er dwyl
wat útrûn op in tal protesten;
Klaas koe sette noch sa heech it krop,
syn lichtepunt bleau wis nihyl.
* Klaas van der Meulen |