Ut it skûtsje-argyf 1991
Lit ús ’t net oer De Lemmer ha,
dat skûtsje rûn as ’t spoar,
dêr kaam gjin inkeld skip oan ta,
de Lemsters leine einen foar.
Lit ús ’t wol oer de wolken ha,
dy’t jagen oer de mar,
dêr kaam gjin inkeld skip oan ta,
it gie sels stoeren soms te bar.
Lit ús ’t net oer de Zwaga’s ha,
dy krigen in protest,
sy sylden op ‘e haven ta,
de wedstriid hie foar harren west.
Lit ús ’t wol oer de Feansters ha,
as tredde oer de streek,
sy sylden op ‘e stiennen ta:
‘Dus noch in rûntsje,’ sei de leek. |