Ut it skûtsje-argyf 1965
De Lemmer seach ferslein nei boppen
hoe’t de wolken jagen lâns it swurk,
doe nei syn see mei wite koppen
dy’t de skippers holden fan it wurk.
De Lemmer bleau der net by sitten,
noege skippers yn it parlemint,
de stimming barde sûnder switten:
‘Foar it silen jouwe wy gjin sint!’
De sitting oardel oere letter
joech as útslach: net mear unanym
dertsjin, want fjouwer wisten ’t better,
seagen ’t ljochtsjen fan de westerkym.
Hoe demokratysk wie De Lemmer
mei it starten fan de skûtsjestriid?
De mearderheid wie anty-stimmer,
mar de hiele float kaam wol op tiid.
De striid blonk fel by lege sinne,
kombinaasje fan natuer-kultuer;
De Lemmer soe it ek noch winne.
Lang sil libje Lemster diktatuer!
|