Ut it skûtsje-argyf 1998
It gie net langer mei de griene
mei syn brede kop en kont,
hy koe de oaren net besile,
liet him net mear sjen oan ’t front:
foargoed útspile.
Dan mar in nije swan op ’t wetter
mei de namme Donia,
wat klonk poëtysk yn de earen…
moast Langwar it dêrfan ha?
’t Gie om de eare!
De âlde griene en de nije,
beide fan itselde plak,
wat wiisde op ‘e kapitalen
fan Langwar, it jild as fak
mei syn ferhalen.
’t Ferhaal moat klinke troch de mannen
fan de skoaten en it roer,
dy’t skuorre, fiere en mei dieden
ynspirearje, dan wurdt oer
it jild net striden.
|