Ut it skûtsje-argyf 1978
In let begjin jout soms panyk,
dan moat men nei de start ta kloetsje
mei it seil noch op ‘e gyk,
mar troch in sleepke fan de amfiby
ferslavet Sipke* oan de sigaret,
mar hoecht er net te boetsjen.
De lytse startboei skriuwt de wet
foar om sportyf en skerp te silen
en net rom en justjes let,
mar Tjitte** fan It Fean kringt him deryn,
in start om foar it alderheechst te gean,
dêr sylt er foar de file.
It driuwket kalm, noch fier te gean
en slepend stadich sylt De Jouwer…
der komt wyn, de float teart skean,
twa skippers ha it reade doek deryn,
want starten liedt faak ta in min begjin,
It Fean falt fan plak fjouwer.
* Sipke Tjerkstra
** Tjitte Brouwer |