Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kampioen yn stilte

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1979

Hy hie dy nacht wol lekker sliepen,
sei de skipper op it earste plak,
Rienk, âldste soan fan Ulbe Zwaga:
‘Mei mear wyn it seil wat flak en is it blak
dan leit it kampioenskip iepen.’

De moarns hat er de loft earst skôge,
iepen, sels gjin wolkje oan de kym,
gjin waar foar ien fan Ulbe Zwaga:
‘As ’t sa bliuwt, dan wurdt it grif in krym,
gean wy te moster en te lôge.’

De moster soe sa skerp net smeitsje,
alle skûtsjes dreauwen nei de start,
dy’t útsteld waard, gjin krym foar Zwaga:
‘Ast net kin, dan wachtsje wy in hoart,
mar dêrnei sille wy him reitsje.’

It ôfstelskot hat nimmen rekke,
mar it rekke wol it skippershert,
ek fan de kampioen, Rienk Zwaga:
‘Ik hie leaver syld, dit is it net,
dochs kinne wy de flagge stekke.’

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum