Ut it skûtsje-argyf 1973
De Jouwer, flekke tusken fean en mar,
ferneamd troch al dyn farrenslju,
de rook fan kofje en tabak,
yn ’t skûtsjetugen wiesto sleau,
op hynders foel dyn earste kar.
Dyn eachopslach foel op in stielen hoars,
de wite dy’t in smite prizen wûn,
it wie meastal in twadde plak,
mar foar in earste wie ’t ek sûn
genôch, sa roek dyn skerpe noas.
De ruter*, man al jierren op it dek,
betûft yn hoe’t it rinne moat,
dy roek de kofje en tabak,
hat daliks dêr syn kiel mei smard
en woe wol stjoere foar de flek.
* Hylke de Vries |