Ut it skûtsje-argyf 1989
Is de hertslach ’t ritme kwyt
en hâldt de rêch it roer net mear,
dan wurdt de skipper âld, ’t docht sear,
mar ’t wurdt syn tiid.
Is ’t safier, dan brânt de striid
foar ’t jongfolk los mei yn it brein
it skûtsje spoarend as in trein,
it âlde kwyt.
Aldert*, skipper fan Langwar,
koe starte as in wite swan,
mar sakke, kaam krekt foar de Pan,
’t koe better, mar…
Douwe**, skipper fan de Pan,
seach troch de bril de oaren swart,
’t begjin wie min, in misse start,
’t koe minder, man…
Eldert***, ynfalskipper foar
syn heit, noch hoeden mei it hert,
dat kloppe wol, it woe noch net
skraal sile, mar…
Utslach Grou:
* 11. Aldert Hoekstra fan Langwar
** 12. Douwe Visser fan Snits
*** 13. Eldert Meeter fan Boalsert |