Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jelles houlikswet

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1988

Fiif punten foar yn ’t klassemint,
wat kin De Lemmer dan noch barre!
Jelle* is de favorite fint,
hy sil him hjoed flink warre.

De Lemmer is it eigen plak,
de Iselmar mei hege weagen
batst de skipper troch fan rak nei rak,
de wimpel al foar eagen.

Image

Sa tinkt dy dei it eigen folk
op Lemster daam en skip ienriedich,
mar oer bakboard yn in wetterwolk
brûst Earnewâld ûnbidich.

De stielen seachbek hapt rap ta
en sil de Lemster skoat ferfrette,
leaver as syn frou, wol Jelle ha,
sa jilde houlikswetten.

Image

No ien punt achter, ’t kin noch wol,
de lêste wedstriid sil it barre,
Jelle yn de ûnderhûnske rol,
mar moarn wol hy hûnsk farre.

* Jelle Reyenga

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum