Ut it skûtsje-argyf 1975
Japan, it lân fan ’t rizen fan de sinne,
dêr’t Philips syn lampen ljochtsje lit,
dy beide strielen rikke, sa’t men wit,
safier dat ek de skûtsjes derby winne.
In hege beker fan in heale meter
reizge nei De Feanhoop as de priis;
de Heale Moanne* striele eigenwiis
it winnen út, ’t ferlies wie foar in Meeter.
De Feanhoop, oard fan wetter, wyn en sinne,
rûntsjes draaie sûnder fûl gefjocht,
in imitaasje fan ’t Japanske ljocht,
sa sylden skûtsjes der dy middeis hinne.
De Heale Moanne koe it lang net risse,
sels in lampe joech dy deis mear ljocht,
It Hearrenfean** bestriele elke bocht,
Philips waard lêste, moast de beker misse.
* Skûtsje fan Philips
* Tjitte Brouwer waard earste
|