Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ien kear iepen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1998

Fryslân hat twa skûtsjeploegen,
dy’t apart de striid oangean,
in iepen en in sletten,
dy’t inoar noch net sa stean;
ien kear ferleine se de swetten.

Image

Op De Lemmer sylden tritich
trochinoar, it mes op ’t dek:
wie ’t iepen of noch sletten?
Ploech tsjin ploech, wolnee, bist gek,
de grinzen wiene dochs fersetten?

Dochs fersloech de ien de oare,
prof wûn fan de amateur,
mar elkenien wie iepen:
tritich soargen foar de fleur,
hoewol’t de skippers har soms kniepen.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum