Ut it skûtsje-argyf 1998
Hylke is goed tachtich wurden,
nei in koarte sykte samar wei,
yn libben wied er koart fan wurden,
om’t er faak de keale wierheid sei.
Hylke hie syn bril fergetten,
want it lêzen gie de man min ôf,
tsjin skoalle hied er him fersetten,
Jikke* lies foar him, dat die se trou.
Hylke waard as held beskôge,
helle út it wetter wei in bern,
as anty-held hat hy meitôge
syn ferlies, oan him noch lang te sjen.
Hylke, skipper mei de mûtse,
hjit of winterkjeld, hy hie him op,
syn byld bliuwt by, net wei te poetsen,
oan it roer mei in markante kop.
* Jikke de Boer, syn frou |