november 12, 2017
Ut it skûtsje-argyf 2007
It folk fan fier komt tichterby
en set him skrep om ’t wedstriidwetter
dat ferwachtsjend weaget, âld wurdt nij,
mar hoe, dat wit men oeren letter.
It âlde hearsket oer doarp Grou
dat útfart mei de skelle skûte
blazers dy’t de wyn nei wiid en nau
ferspriede op ‘e skûtsjerûte.
De fleugels nêst it rûne giel
fan sinnich útsicht yn de mêsten
krije fan de blazers harren diel,
wylst dizze skûtsjes seilleas rêste.
De skûte spilet op ‘e seilen yn
dy’t fol de fjirtjin sile litte
sjittend oer de line oan de wyn
fan stjoer- nei bakboard meters mjittend.
En as de striid nei’t einskot rint,
de skûteblazers luchtleech swije,
is ’t de debutant dy’t laitsjend wint,
sa lit it âlde him fernije.
april 4, 2018
april 2, 2018