Ut it skûtsje-argyf 1983
Ferline jier stie oan it firmamint
in skipper-stjer op ’t Heale Moantsje:
Teake* wie it klappen wend,
gleonhastich starte soe dat mantsje.
De start en finish wiene nea nei ’t sin,
de Heale Moanne woe net skine,
klappen kriich er net te min,
de wûnen soene lang noch skrine.
De takomst is oan it ferline bûn,
dus gean werom nei gloarjedagen,
doe’t it skûtsje prizen wûn,
en stel de âlde tiden fragen.
Behindich wie it skipke yn de draai,
de âlde skipper** koe it witte,
naam syn ûnderfining mei
en liet gjin inkeld slachje sjitte.
Mar sjoch de tekens oan it firmamint:
in Grinzer skûtsje as de Moanne,
dat de Fryske draai net ken,
fiktoarje kraait as falske hoanne.
* Teake Visser
** Douwe Tjerkstra |