Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Goud en stiel

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1979

Skûtsjesilen jout ek winterwurk,
it smoute praat oer hoe’t it wie
en hoe’t it fan ‘e simmer sil,
ynspeksje fan de roef oant durk
en skreppe mei in stielen wil.

Siete*, kampioen fan foarich jier,
wol wis wol witte: dit moat wer,
en hat it skip yn stikken snien,
want langer, dat is wrachtich wier,
sylt flugger, dus nei nûmer ien.

Image

Hattum** lykwols hâldt it sa’t it wie,
syn skip sylt al in fearnsieu mei,
in jubileum mei âld stiel,
wat swierder, dus is ’t wrachtich wier,
gjin blauwe wimpel wurdt syn diel.

Sietes start op Grou is yn it skot,
in gouden sa’t er letter seit,
en sa blinkt ek syn finishplak,
mar ’t hurde stiel is Hattums lot,
in blok falt al yn ’t earste rak.

Image

* Siete Meeter fan Boalsert
** Hattum Hoekstra fan Drachten

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum