januari 5, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2010
Se binne los en ha lavearre,
wol mei wyn al soe dat net,
de goaden hawwe fariearre,
waarprofeten yn it seilhimd set.
De skoaten steane op it fierste,
foar de wyn jout breedút lêst
foar skûtsjes dy’t de gong al misten,
’t Snitser tindoek wit it noch net fêst.
Want Snits sit tusken al dy oaren,
is net mear de flits
fan fluch nei foaren,
no is ’t: wêr is Snits?
’t Is Grou op kop, Langwar as twadde
dy’t de goaden mei har ha,
de Snitser flagge stiet as flarde,
ropt de Panne gjin fiktoarje ta.
Want Snits sit tusken al dy oaren,
is net mear de flits
fan fluch nei foaren,
no is ’t: wêr is Snits?
Earst as de finishskotten klinke,
dûkt de Pan as sechde op,
hoewol’t de flaggen gielswart winke,
komt gjin Snitser tindoek heech yn top.
Se binne los nei al dat striden,
stome op ‘e haven ta,
de goaden bringe oare tiden,
wolle altyd fariaasje ha.
april 4, 2018
april 2, 2018