Ut it skûtsje-argyf 1989
It moast der wol fan komme:
Loadewyk* gie mei pensjoen,
hy koe it silen net mear hysje,
fielde it yn elke spier
dat Huzum waard him wat te swier
foar kampioen.
Dat mei stille tromme
joech hy oan de soan** it roer.
It moast der wol fan komme:
Loadewyk as adviseur
joech oan de skipper frij syn fyzje,
prate op it achterdek
it brein fan Eldert knettergek
as âlde seur.
Dat mei lûde tromme
droech hy ’t adviseurskip oer.
It is der doe fan kommen:
Eldert hold him by Langwar
oan wet en regels as in plysje,
rekke sa net fan de wiis
en sylde nei in tredde priis:
‘Dit is myn kar!’
* Loadewyk Meeter
** Eldert Meeter |