Ut it skûtsje-argyf 1989
It koe net oars, it stie al fêst
dat Anne* wurde soe de kampioen
fan ’t lêste jier fan tachtich,
want seis punten foarsprong like bêst,
dat wie wat elk dy moarns noch fûn.
Sa hie ’t ferstân it heechste wurd,
gefoelens lykwols weagen ’t fuort.
Gjin senuw stie by Teake** strak,
ûntspannen siet er oan ’t Wâldseinder roer
en starte allemachtich,
wylst De Jouwer dreau as jarrebak,
dêr wie gjin strideraasje oer.
It sûn ferstân sei tsjin ’t gefoel:
‘Hat silen foar De Jouwer doel?’
It doel wie skûtsjekampioen,
mar Anne lei fierhinne achteroan
en fielde him ûnmachtich;
troch gefoel en twa protesten bûn,
foel hy dy middeis fan de troan.
’t Gefoel jûchheide tsjin ’t ferstân:
‘Do hast perfoarst dyn hichte hân.’
* Anne Tjerkstra
** Teake van der Meulen |