Ut it skûtsje-argyf 1969
De see, de stilte fan de spegel
dêr’t it blauwe swurk op leit,
gjin suchtsje foar de dynamyk,
mar meastal is de regel
dat de wyn de septer swaait.
Se lizze yn de bûtenhaven,
foar it Starums froutsje ree,
mar ha it seil stiif op ‘e gyk;
se swijt noch, swier ferslave
oan de rykdom fier oer see.
Wa kin wjerstean har stúmjend swijen,
wis de skûtsjeskippers net;
foar ’t poatsjebaaiende publyk
is ’t starten in stil lijen,
mar har frouwewil is wet.
Dan falt har each op noch in skûte,
reade streken yn de fok,
se blaast har azem oer de dyk,
krekt op ‘e skûtsjerûte,
’t lok komt foar de frouweflok. |