Ut it skûtsje-argyf 1971
Wâldsein, de ein fan ’t wâld mar net te sjen,
want oeral leit de wrâld der iepen by,
de wyn bespilet alle banen, frij
yn eigen gea, gjin twirre giet ferlern.
Se lizze klear, de koppen by elkoar,
de griene en de brune, no noch ien
fan sin: gjin nocht oan hoe is ’t juster gien,
mar hjoed gean Snits en Grou der beide foar.
As ’t startskot klinkt, is Snits al oer de streek,
de kop, noch griener fan de grime, draait,
it túch stekt heger, freget dat it waait
op ’t plak fan Snits en ek nochris fan Sneek.
Sa heint de Pan de twirren dûbel op
en hellet út it seil fan Grou de wyn
dy’t lykwols falt by Ulbe* sterker yn
en wiist wa’t fan dy trije komt op kop.
* Ulbe Zwaga
|