Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Frans Huitema*

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2000

Image

In Huitema, as wie ’t in boer,
de namme seit net alles,
mar sa kaam it wol by skippers oer.

Syn mem har namme, Foekema,
fertelde fan in Lucas,
elke skipper wist: dy sylde sa!

Wie Huitema mar Foekema,
sa gûnze it fan praatsjes:
‘Ja, dan woene wy dy Frans wol ha.’

Frans Huitema hie belle, want
hy woe wol skipper wurde:
‘Ja, ik bin in man nei silerstrant.’

It wie foar Drachten gjin probleem:
op ’t skip in boerenamme,
dat foar Frans kaam út in jongesdream.

By Earnewâld wie syn debút:
twa steigers waarden spuonnen
en De Jouwer kriich in hurde tút.

Wie Huitema mar Foekema,
dy namme is fan izer,
want dêr moat in skipper it fan ha.

* De nije skipper fan Drachten

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum