Ut it skûtsje-argyf 1968
It eilân yn de Snitser mar
beseach mei soarch de reade koppen
fol protesten foar de tiid:
It Hearrenfean en Grou om bar
ferskynden foar de sjuery, slappe
knibbels foar ultime striid.
De útspraak kaam noch foar it miel:
de brune koe it net mear lûke,
Tjitte* wie al kampioen,
dochs krige ’t wâlpublyk syn diel
mei ’t draaiend oargel dat krekt stûke
by de start, lûd knallend jûn.
De striid briek los, mar ’t waard in spul
fan sûnder aspiraasje draaie,
stûkjend, dat it wie te let.
De Zwaga’s âlen: ‘Flauwe kul,
de Meeters kinne hinne waaie!’
Mar dat diene Meeters net.
De Zwaga’s waaiden nei de wâl,
grimmitich, net mear te berikken
foar in sjuery dy’t as gids
de frede wiisde, ’t wiisde mâl,
want wa’t it tredde plakje pikke
soe, dat wie de fraach yn Snits.
* Tjitte Brouwer |