Ut it skûtsje-argyf 2001
Wurdt it wol of net in reef,
it leit deroan hoe hurd it waait,
it iene skip is ’t oare net;
gjin skipper wol syn skûtsje leit
foar Pampus, leaver is ’t op dreef.
Wurdt it Snits of is it Grou,
dy beide sile hjoed foar fol
en ha fan minder gjin ferlet,
mei romme wyn de seilen bol,
foar Pampus leit lykwols de frou.
Gie it foar De Lemmer mâl
genôch en hâldt dy dermei op?
Pyt seach in fallend blok te let
en kriich it streekrjocht op ‘e kop,
foar him is Pampus hjoed de wâl.
|