Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Flagje

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1977

Komt in skûtsje skeind derút,
dan slacht de motivaasje ta,
want wa wol ’t skip net silend ha!
Se skreppe sels dwers troch de nacht
oant ûnderseil de aksje slút.

Image

Sylt Doarp Grou it seil wer skeef
en leit it skûtsje heech en skraal,
dan slút it Lemster skuorferhaal*,
ek mei de lape fan de Pan…
in wite flagge foar op dreef?

Image

Flaggen binne foar it Fean
mei ’t geve túch alhiel yn ’t wyt,
de banen sûnder wryt of slyt,
de skipper dy’t de flagge hyst
mei ’t fûle eachweid fan in earn.

Image

* Sjoch ‘Klapperjende seilen’
oer de twadde dei fan De Lemmer

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum