Ut it skûtsje-argyf 1995
In heale ieu, it jubileum
fan de SKS, dus brûzje mar
mei alle fjirtjin skûtsjes
al yn juny op ‘e Snitser mar,
noch lang net yn ’t museum.
De striid brekt los, wa sil it winne,
wurdt betiid yn ’t jier de kampioen
fan alle kampioenen?
Snits en Ljouwert ha elkoar al fûn,
se brûzje der rap hinne.
De liuw sjit ta en sil him reitsje
boppe-yn, de gaffel tsjin de staach,
de Pan teart nei de weagen,
jout him oer yn noch in fûle flaach
en kin gjin gong mear meitsje.
It jubileum yn it wetter,
dat gjin kampioen der boppe-út,
mar fjirtjin… folle better. |