Ut it skûtsje-argyf 1985
De wyn noardwest, de loft berûn,
de reiden bûgden djip,
Wâldsein jûchheide, ’t waar wie sûn
foar wâlpublyk en skip.
It skip, al faak de kampioen,
wie yn in djippe dip:
It Hearrenfean hie noch neat wûn
en op ‘e trim gjin grip.
It startskot foel, it skip kaam min
op gong, it hold net oer;
it wie de skipper* net nei ’t sin,
hy wipte oer it roer.
En sjoch, it skip kaam yn de trim
en bûgde as in reid,
it song syn âlde liet: ‘Ik stim
my ôf op hoe’t it waait.’
De harmony fan skip en wyn
brocht Tjitte* nei plak twa;
de flagge kroep de mêst wer yn,
sa woe de freugde ha.
* Tjitte Brouwer |