Ut it skûtsje-argyf 1988
Wat kin in skipper sûnder seil?
Hy sylt mei topmateriaal,
sa wol de makker ha;
’t wie yn ’t ferline ideaal,
tsjintwurdich stiet it as in dweil.
De Zwaga’s* ha it hjoed nei ’t sin,
want Snits sylt dweilend achteroan
mei ’t seil as ûnderbroek;
se stekke Boalsert nei de kroan,
dat Siete** strykt him om it kin.
De finish leit al foar de boech,
de Zwaga’s stride om de ear,
foar Siete falt it doek,
de klap komt oan en docht him sear,
hy hâldt it by Wâldsein net droech.
* Rienk Zwaga fan Ljouwert
Jeen Zwaga fan Earnewâld
** Siete Meeter fan Boalsert |