Ut it skûtsje-argyf 1985
In skûtsje is lykas de wyn,
kin draaie en ek faasje krije
nei in stille tiid;
sa hie Wâldsein der stiennen yn,
want op ‘e Fluezen wie it lijen.
Doe kaam de lêste striid by Snits,
it kampioenskip lei noch iepen
foar Wâlsein en Grou,
dat beide starten yn in flits,
wylst tolve der krekt njonken griepen.
Wâldsein hie alle stiennen lost,
foer rap en draaide as in toppe,
mar ynienen kaam
foar Grou de klap, wie doe de klos:
in stikken skip en lilke koppen.
Gjin draaiïng mear, want it wie klear,
elk hie op ’t lêst deselde noasje:
Keimpe* kampioen,
foar him de krânse en de ear,
in stien fan ’t hert en dus emoasje.
|