Ut is skûtsje-argyf 1977
It waard in striid fan wiete dekken,
mar dat koe de float wol oan,
se bealgen oan de skoat as gekken,
dynamyk foldie de skippers skoan.
Foar Drachten waard de start de gloarje
fan earst fuort, oars achteroan,
de eagen songen fan fiktoarje,
mar de fok sloech oan in oare toan.
De Lemmer sylde skraal oer bakboard
by de konkurrinten wei,
lei helpleas dea fanwege fakmoard
mei it seil as roukleed út ‘e gei.
De boom moast nei de striid noch stekke,
foar de winner dynamyk
by ’t swurd, oer lûken, roef en dekken,
want it seil kaam opteard op ‘e gyk.
|