Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dûbelsturt

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1961

Image

Se stoarmen út ‘e Pikmar wei
de naute fan de Tynje yn,
fiif skippen board oan board en mei
in brede skets plat foar de wyn.

Fier achter lei de stjer ‘Doarp Grou’
en net te sjen de dûbelsturt
fan ‘Hoop doet Leven’ en yn tou
foar ’t earst stiek Walstrafolk it swurd.

De grutste fan de hiele float
liet libje jierrenlang de hoop,
mar Brouwer hie ’t gewicht oan board,
tefolle foar in flugge loop.

Image

Dan Walstra fan de sulverfloat,
dat jier de blanke debutant,
de W yn ’t seil en strak de skoat,
mar stadich as in oaljefant.

Image

De Lemmer brocht in wynkrêft sân,
dat trije bleauwen oan de wâl;
de ‘Hoop’ kaam doe as tredde oan,
sels Waltra gie it net te mâl.

Image

Yn Starum wie it waaralarm,
nei bûten gie sels net in hûn;
ien skeat nei foaren as in stoarm:
‘Doarp Grou’ waard wer de kampioen.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum