Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dûbel wyld

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1989

De wolken sylden oer de Iselmar
en drigen mei in smite wyn,
dat alle skippers rôpen: ‘Reve!’
Op De Lemmer wie gjin oare kar
as hingje mei de gong deryn.

Image

De see wie wyld, gjin noed, in see is wiid,
elk koe frij sile fan de rest,
mar alle skippers balten: ‘Romte!’
Op De Lemmer wie gjin oare striid
as op it skerpst, dus mei protest.

Hy* siet op ’t stuoltsje, op ‘e daam syn troan,
de foarst fan Boalsert mei in hert
dat oersloech fan de spanning: ‘Sile,
blinder, gjin protest, de skoaten oan,
want wat net kloppet, komt der net!’

Image

Dyselde middeis yn de Wyldeman**
waard nochris striden, wurd tsjin wurd,
it iene skraal, it oare rommer;
op De Lemmer kaam ien yn de ban:
It Hearrenfean, syn kâns wie fuort.

* Siete Meeter
** Protestsintrum

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum