| Ut it skûtsje-argyf 1970 
 Twirren giselje it wetter,drippen slaan de dekken swart,
 Sint Piter wit net better
 of de flagge klapt: it bart!
 Lit De Lemmer it besykje,oan it grutte wetter wend,
 se kinne dan ferlykje:
 oan de Grouster kaai of kin ’t?
 Sytse* beart: ‘It soe wol kinnemei in bûsdoek oan de mêst,
 mar wa’t ferkâlden binne,
 krije mei it snuten lêst.’
 De minwaarrie strykt in buordsjefoar de noazen fan de float,
 mar ’t folk hat noch yn ’t snotsje:
 ’t wurdt grif skuorren oan de skoat.
 Soe Grou misse de tradysje?Altyd is der rie yn need:
 lit skippers seilen hysje
 op wat hjit har frije freed.
 Blak lei op dy freed it wetter,suchtsjend hongen fok en seil,
 Sint Piter wist net better
 of de flagge wie in dweil.
 * Sytse Hobma, skipper fan it Lemster skûtsje 
 |