Ut it skûtsje-argyf 2000
De Feanhoop fart in fêste koers:
in heale ieu organisaasje
fan de wedstriid op it smelle wiet,
dus faak sensaasje by de rûs,
mar hjoed in silersfeest mei graasje.
It Drachtster skûtsje leit op koers:
in skip ferbûn oan de tradysje,
dus gjin racer sa’t it oaren giet,
wol foar de kop it stridersbrûs,
hjoed sille se de flagge hysje.
Gjin skip leit lykwols hjoed op koers,
it is in wedstriid sûnder faasje,
om’t Aeolus gjin presintsje biedt;
de Pan, de winner, skriuwt nei hûs:
’t Lei net oan de organisaasje. |