Ut it skûtsje-argyf 1964
Starum, stêd fan see en skippen,
striid fan wat it winne soe,
soms stie it wetter oan de lippen,
dat gjin skip dêr farre koe.
Lêste tiisdei fan de moanne
teagen kloften nei de mar,
it ôfstel kaam út Starums boarne
sels, der wie gjin oare kar.
Fragen wiene der te folle:
‘Wêrom sile jimme net?’
De skipper moast nei ’t antwurd dolle:
‘Sûnder wyn wurdt it te let.’
Skippers namen doe in slokje,
ien kaam op in goed idee:
‘Wy sile inkeld op it fokje
nei De Fluezen, net op see!’
Starums warbere kommisje
naam ’t reservedeibeslút:
De Fluezen soe foar Starum risse,
dat wie dat en dêrmei út!
Lykwols trije oeren letter
draaide de kommisjewyn:
‘Der wurdt moarn syld op Starums wetter,
want der hoecht gjin reefke yn!’
|