Ut it skûtsje-argyf 1996
Se sile mei de hals omheech
en klapperjende seil en fok,
want by de start is ’t altyd drok,
posysje kieze wurdt hjoed dreech.
De Lemmer sjit fûl út ‘e start,
foar ’t eigen folk it fjoer deryn,
mar Ljouwert leit min oan de wyn,
de turbo brânt de pipe swart.
Foar Jelle* wurdt de striid krityk,
it Lemster folk betsjut gefaar,
net earst, dan is er de sigaar,
mar sjoch, hy rekkenet him al ryk.
Foar Ulbe** giet it paad omheech
mei ’t linich klimmen yn de mêst,
want losse kloaten moatte fêst,
sa krijt de liuw fan him in feech.
* Jelle Reyenga
** Ulbe Zwaga |