| Ut it skûtsje-argyf 2000 De skipper hie in eigen skipen trije soannen mei oan board,
 dy’t learden troch de eagen,
 want de heit joech nea in tip,
 mei hert foar silen waard wol scored.
 Op Starum sylde hy foar ’t lêst,omdat it hert yn staking gie
 en nea wer sloech foar ’t silen;
 trije soannen, yn berie,
 dy stelden de posysjes fêst.
 Elk trettjin jier as skipper oanit roer, sa gie de hertslach troch;
 nei seisentweintich jierren
 wie de tredde der doe noch,
 yn ’t skippersfak folslein bedoarn.
 It bloed fleach yn de ieren omlykas yn ’t hiele skipperslaach
 fan heit mei trije soannen;
 mei in koeltsje en in flaach
 gie Ypie* trije kear foar rom.
 
 * Ypie van der Meulen |