Ut it skûtsje-argyf 1981
Lit de Zwaga’s it mar sizze
hoe’t in skûtsje sile wol,
de hân op ’t helmhout leit,
dat Starums see stiet hol,
sy sille foaroan lizze.
Rienk, de âldste fan de trije,
kampioen mei SWH,
mei ’t skipperseach fan heit,
soe ’t helmhout net mear ha…
moast hy it silen mije?
Jeen, de jongste, hie ambysje
foar it roer fan Earnewâld,
de namme wûn it pleit,
want wat wie jong of âld,
hy soe de flagge hysje.
Lammert, mannich kear as earste
oer de finish foar Langwar,
syn sykte wie in feit;
op Rienk foel doe de kar,
net sile docht it searste. |