Ut it skûtsje-argyf 1972
As de wyn it sitte liet,
dan koe gjin skipper sitte,
bomend gie it troch de tiid
en drippend fan it switten.
Doe’t de wyn Grou witte liet,
hy woe it samar litte,
kaam it skipsfolk ta de died
noch foar de tiid fan ’t sjitten.
By it houtstek foar de toer
begûn it manoeuvrearjen:
yn de rige sûnder stjoer,
it woe net avesearje.
Doe gie ’t los en breed op wei
dreau ’t stadich yn formaasje
eigen skaden achternei,
gjin reden foar sensaasje.
Nei de finish, ’t lêste rak
liet Grou it samar sitte:
einen koene troch har fak
it bomen dochs net litte.
|