Ut it skûtsje-argyf 1988
’t Wie middenyn de ûngetiid,
de trekkers raasden oer it fjild
as gie it om te winnen
boere-eare mei in slompe jild,
mar by Langwar begûn in oare striid.
De mêsten skoden oer it reid
dat heger kaam as minskekrún,
wa soe noch sicht ha kinne
op ‘e skûtsjes, wyt of grien of brún,
en witte hoe’t it fjild derhinne leit?
Guon boeren holden daliks op,
de trekkers raasden nei de mar
as gie it om te winnen,
mar it folk naam ’t heechste plak foar kar
en stiek fier boppe ’t reid de boerekop.
Doe seach dy kop de skeane mêst
fan Jelle* nêst de rjochte toer,
dy liet syn skûtsje rinne,
want religy is foar skippers fjoer:
De Lemmer foer dy wedstriid op syn bêst.
* Jelle Reyenga |