Ut it skûtsje-argyf 1972
De sinne liet him amper sjen,
de simmer sette wiet útein,
dêr wie it measte wol mei sein,
in min foarútsicht foar de fan.
Hy sette bleek nei ’t striidtoaniel,
mar sinnich wie syn skûtsjesin,
wat telt is dat er sei: ‘Ik bin
der, ’t is de spanning dy’t ik fiel.’
Sy die de stap nei it gehiel
fan minskelibben jout de sin,
wat telt is dat se sei: ‘Ik bin
der, ’t is de sinne dy’t ik fiel.’
Terherne liet it measte sjen,
it wie sels dúdlik foar de leek:
de skûtsjes eagen like bleek
as ’t bleate fel fan mannich fan.
|