Ut it skûtsje-argyf 1988
Se kamen skeind en brutsen oan de start,
de Drachtsters mei it swiere skip,
want Anne hie in skeane tomme,
Hindrik krige ek syn pynlik part,
hold fêst de fok, ferlear in neil
en ’t skipsfolk rekke yn in dip
doe’t sels it skippersbil it dek rap romme.
Mar skipper Hattum* hie in sterke wil,
dy’t foarme waard yn Earnewâld,
syn domisily, doe as jonge;
yn it wâld fan Earn wie ’t gauris stil,
mar Hattum hise fok en seil,
ek ûnder twirren bleau er kâld,
sa wied er rap fan eagen, stil fan tonge.
Se kamen skeind en brutsen oan de ein,
it bil as laai, gjin fingerneil;
de útslach wie net om te sjongen,
mar it skip bleau hiel fan seil oant blein.
* Hattum Hoekstra |