maart 25, 2018
Ut it skûtsje-argyf 2014
De stoomfluit, twirjend oer de mar,
ferhelle fan âld Fryslân:
hoe’t de skûtsjes sylden foar de ear,
gefoel gie eartiids foar ferstân,
mar hjoed de dei net mear?
De boeien binne net swart-wyt,
de wedstriid hat mear tinten,
want taktyk begjint al foar de start,
sa tusken alle konkurrinten
hold Doarp Grou de Panne koart.
De konkurrinten sylden op
de boei oan, wylst de sjuery
each hie foar nij Fryslân op ‘e mar,
gjin oardiel jaan koe oer de fuery
op it dek, dy’t bearde bar.
Der waard ek nei de wedstriid beard
troch Fryske pommeranten
oer it kampioenskip fan Doarp Grou,
’t jûchhei kaam lûd fan alle kanten
mei gefoel, âld Fryslân trou.
april 4, 2018
april 2, 2018